Lym fan de stiennen fan de Waadseedyk lit los

25 jan 2017 - 10:29

De stiennen yn de Waadseedyk by Swarte Haan, Holwert en Wierum, dy't fêstset binne mei de superlym Elastocoast litte los. De nije en duorsume lym soe net goed hechtsje. Wetterskip Fryslân sil de saak tegearre mei de oannimmer fierder ûndersykje. Dêrnei komt der in werstelplan. De dyk moast mei de laach Elastocoast foar 50 jier foldwaan oan de feilichheidseasken fan it Heechwetterbeskermingsprogramma. It ûndersyk moat útwize welke ferbetteringen nedich binne. Neffens it Wetterskip is de feilichheid net yn gefaar.

De proef mei Elastocoast past neffens it Wetterskip by de syktocht nei ynnovative en goedkeapere wizen om de diken te ferbetterjen.

(advertinsje)
(advertinsje)