Kollum: "Crowdfunding"

25 jan 2017 - 09:32

Eelke Lok fan De Gaastmar wurke 40 jier foar Omrop Fryslân en waard ûnder oaren bekend troch it politike praatprogramma ‘It Wapen fan Fryslân’ op de radio en ‘Gewest Fryslân’ op telefyzje. Al jierren fersoarget hy kollums op de radio. De kollums fan Eelke kinne oeral oer gean: Fryslân, sport, polityk, kultuer of wat him ek mar opfallen is. Al syn kollums binne te finen op syn side eelkesweblok.nl.

"Crowdfunding. Da’s nochris in moai Frysk wurd om dizze kollum mei te begjinnen. Crowdfunding. Wy wolle as crowd takom jier de kulturele haadstêd fan Europa wêze, dêr ha we ússels al oan ferplichte, no dan moat we dat ek mar mei syn allen funde. Betelje. Ik gean mei it tsjerkeponkje by jim lâns en jim smite it jild der mar yn. Eeeh, jild? Pipermuntsjes, krekt as alearen yn tsjerke.

En jonges dat is te min. Deputearre Sietske Poepjes hat, fan ús gewoane jild, ôfrûne wykein nei it Deenske Aarhus west. Dy bin dit jier haadstêd. Sietske wie by de iepening. En se hat dêr allerhande dingen sjoen dy’t wy miskien ek dwaan moatte soenen. Ja Sietske, mar de provinsje leit echt gjin sint mear by dy kulturele haadstêd, dyn eigen CDA mjêket al as in oanfretten murd oer dat jild. Sietske, we moatte crowdfunde.
Of sponsorje fansels. Mar ja, de bedriuwen yn Fryslân fernije net en se eksporteare ek gjin bliksem, dus dy ha gjin jild. En as se it wol ha dan donderje se it yn de dingen dêr’t in soad publyk komt, Cambuur, Hearrenfean, Thialf, datsoarte fan saken. Mar by de iepening fan de kulturele haadstêd takom jier om distiid komt inkeld de Deenske Aarhus-kollega fan Sietske Poepjes. Ja, miskien komt de crowd dêr ek wol, mar it liket allegear o sa keunstich, dat der gjin plak liket te wêzen foar Unox mûtsen. Dus as de crowd der hinne wol, dan moat se mar funde.

Mar de crowd is deryn hielendal net sa ienriedich hear. Foardat se funde wol se earst wol efkes sjen wat der allegear barre sil. Mar we hearre net sa’n hiel soad. Wol ha we op 't heden oeral, dat wol dizze yn de alve stêden, in bûtenlanner dy’t it foarbyld fan in fontein sjen lit. It gefolch: oeral ha se spul as crowd as se it no wol of net moai fine en oeral ha se ek spul oer it plak wêr’t de fontein komme sil. Moaiste wie it yn Snits ferline wike, dêr hie de Dútske keunstner (se ha tusken heakjes in Dútser útsocht om't Snits altyd in soad Dútsers krijt yn de fakânsjetiid) en dy Dútser woe dy fontein eins midden yn it wetter by de Wetterpoarte ha. Mar dat kin net om't de Alvestêdetocht der lâns moat. Wy soenen sizze, dan set je dochs by it winters dy fontein efkes út en dan kin je der moai om hinne reedride. Mar dat skynt net te kinnen. Dy Switserske hoarnblazer is sa grut dat hy alle wetter út de Kolk sûget en oer it iis hinne griemt. Dat hy komt no efter de poarte, yn it wat tsjusterder Hoogend, dan hoecht it Snitser skûtsje der mei de krystdagen ek net mear te lizzen.

En hoe’t it fierder mei de fonteinen komt witte al dy bestjoerders dy’t no de foarbylden ûntbleatsje ek net. Súdwest-Fryslân moat aanst seis fan dy dingen ûnderhâlde. Dat docht de crowd net. Dy wol dat ek nei 2018 harren gemeente in kulturele taak betelje kin. Want Fryslân jout de kommende twa jier safolle út, dat der dêrnei neat mear is. Hearrenfean hat al besletten dat it museum dan mar ticht moat. It wurdt tiid dat de deryn earde Domela Nieuwenhuis wer stean giet en as ferlosser seit dat dit net de wei is.

Dan kin je altyd noch better crowdfunde no. De boargemaster fan Smellingerlân betocht de eigen wize fan crowdfunding dy’t noch oer wie: de ferplichte. Alle gemeenten betelje aanst ien euro per ynwenner. Dus ek foar elke lytse krobbe dy’t berne wurdt en ek yn 2018 gjin aan hat dat hjir allegear bjusterbaarlike saken oan de crowd jûn wurde sille. No ja, miskien, want it is mar in foarstel fan boargemaster Van Bekkum. Yn 1966 ha we deselde sitewaasje hân. De gemeente Hearrenfean frege elke gemeente in stoer, dat is fiif sinten, yn de tiid dat we de gûne noch hiene, dus dat is no twa sinten per persoan, te beteljen oan Thialf. Yn Fryslân diene twa gemeenten net mei: Skylge en Smellingerlân. Presiis, de gemeente dy’t no wol in euro per ynwenner ferplichte crowdfunding betelje wol. En sy krije net iens in fontein."

Trefwurden: 
De Toan fan Eelke Lok
(Advertinsje)
(Advertinsje)