Erica Verdegaal wint media award

25 jan 2017 - 08:04

Ekonoom Erica Verdegaal út Ljouwert is de winner wurden fan de 'Vrouw in de Media Award 2016' yn Fryslân. Verdegaal krige 33 prosint fan de stimmen. Verdegaal wurket as saakkundige regelmjittich mei oan lanlike en regionale radio- en telefyzjeprogramma's. De stimmers priizgen har nochtere en heldere útlis oer jild relatearre saken.

Wini Weidenaar, kreatyf ûndernimmer en teamlid fan de Fryske Doarpetop, waard twadde mei 19%, folge troch PvdA Twadde Keamerlid Lutz Jacobi mei 17%. Lanlik waard atlete Dafne Schippers de winner.

(Advertinsje)
(Advertinsje)