Ireen Wüst docht net mei oan WK sprint yn Calgary

24 jan 2017 - 22:48
Ireen Wüst - Foto: awfoto.nl

Ireen Wüst docht ein febrewaris net mei oan it WK sprint yn Calgary. De 30-jierrige wûn ôfrûne snein foar it earst yn har karriêre de Nederlânske titel op de sprint. Se fertsjinne dêrmei in ticket foar it WK yn Kanada. Dit toernoai wurdt lykwols in wike foar it WK allround yn Hamar hâlden en dat krijt de foarkar fan Wüst. Sanneke de Neeling nimt it plak fan Wüst yn. Ek Jorien ter Mors en Anice Das sille nei it WK sprint.

Earder meldde Wüst har ek ôf foar de 1000 meter by de WK ôfstannen yn Súd-Koreä, dy't oer twa wiken begjinne.

(Advertinsje)
(Advertinsje)