Noard-Nederlân geunstichste regio foar sirkulêre ekonomy

De provinsje Fryslân hat tiisdei in grûnstoffe-akkoart tekene mei it Ryk. Ek de Vereniging Circulair Friesland (VCF) hat syn hantekening set. It akkoart is bedoeld om de sirkulêre ekonomy yn oparbeidzjen mei dy partners te ferhastigjen. Der moat duorsumer omgien wurde mei grûnstoffen, ôffal moat op 'e nij brûkt wurde en miljeudoelen moatte helle wurde. De provinsje en VCF stypje dy ambysje aktyf. It feestlike barren yn Den Haag waard ek troch minister Henk Kamp en steatssekretaris Sharon Dijksma bywenne.
Bedriuwen dogge mei
"Alleen als we het met z'n allen doen, lukt het om de circulaire economie te versnellen!" Dat seit in grutske John Vernooij, midden tusken alle partners fan it grûnstoffe-akkoart. Vernooij is njonken direkteur by Omrin ek foarsitter fan de feriening. De VCF leit de klam sûnt begjin 2016 op gearwurking op it mêd fan de sirkulêre ekonomy. Underwilens dogge tsientallen bedriuwen yn Fryslân mei. Der wurdt ek wurke oan in Noard-Nederlânske oanpak. Vernooij: "De aansluiting bij het Rijk en alle andere partners is voor ons ook een belangrijke impuls. Daarnaast willen we met de rest van Nederland kennis delen over onze aanpak."
Oerheid docht mei
Deputearre De Rouwe sette mar al te graach syn hantekening ûnder de ambysje fan it Ryk. Dy slút nammentlik goed oan op de ynspanningen yn Noard-Nederlân. De Rouwe: "Noard-Nederlân wol de geunstichste ûntwikkelregio foar de sirkulêre ekonomy wêze." De ûndertekening en dêrmei de oansluting op de ynspanningen fan it Ryk foar de sirkulêre ekonomy is in logyske stap. De provinsje sil yn 'e mande mei it Ryk besjen op hokker tema's sy yn it bysûnder aktyf ynsette sille. It is de bedoeling dat ien en oar op 1 maart 2017 bekend is.