Lutz Jacobi foarbyld foar PvdA-kandidaat Christa Oosterbaan

24 jan 2017 - 21:33

De manier wêrop Lutz Jacobi har Twadde Keamerlidmaatskip ynfollet, is in foarbyld foar Christa Oosterbaan fan Skylge. Oosterbaan sei dat tiisdeitejûn yn It Polytburo, it politike programma fan Omrop Fryslân op telefyzje. "Ik heb veel van Lutz Jacobi geleerd", seit de nûmer 20 op de kandidatelist fan de PvdA. Foaral dat Jacobi "recht door zee" is en'"vastberadenheid" toant, sprekt Oosterbaan oan. Nettsjinsteande de minne peilingen tinkt Oosterbaan wol in kâns te meitsjen op in sit yn de Twadde Keamer.

Oosterbaan wol yn Den Haag foar Fryslân knokke sa't se op dit stuit yn de gemeenteried fan Skylge foar de belangen foar it eilân opkomt. Se wol har ynsette foar minsken dy't net meikomme kinne, de soarch en it fergrutsjen fan wurkgelegenheid yn Fryslân. Ek wol se de krimp yn de provinsje tsjingean.

(Advertinsje)
(Advertinsje)