Hearrenfeanspiler St. Juste fit foar kwartfinale beker

24 jan 2017 - 19:06

Jeremiah St. Juste is op tiid fit foar de kwartfinale fan de beker. Woansdei spilet SC Hearrenfean dêryn tsjin AZ. Snein tsjin PSV moast St. Juste nei goed 80 minuten wiksele wurde. Dat die trainer Jurgen Streppel út foarsoarch om problemen mei it ankel fan St. Juste te foarkommen. Dêroan rekke de ferdigener yn desimber blessearre. St. Juste hat noch wol wat lêst fan it ankel, mar hy kin woansdei gewoan yn aksje komme.

Trainer Jurgen Streppel kin woansdei yn alle gefallen Stijn Schaars en Henk Veerman net opstelle. Beiden binne blessearre. Dat jildt ek foar Joost van Aken, dy't boppedat ek noch skorst is. Op it middenfjild krijt Morten Thorsby nei alle gedachten wer de foarkar boppe Younes Namli.

"Morten heeft lang op zijn kans moeten wachten, maar die heeft hij gegrepen. De kans is aanwezig dat hij speelt", seit Streppel. Mooglik stiet ek Shay Facey yn de basis. Op de lêste training bemuoide Streppel him in soad mei de Ingelske ferdigener. Hy soe yn it plak fan Doke Schmidt spylje kinne.

De trainer fan de Feansters ferwachtet tsjin AZ in iepen en oantreklike wedstriid mei meardere goals, om't beide ploegen oanfallend fuotbal spylje.

(Advertinsje)
(Advertinsje)