Heilige Martinustsjerke yn Makkum is ferkocht

24 jan 2017 - 18:40

De roomsk-katolike Heilige Martinustsjerke yn Makkum is ferkocht. De lêste fiering fan de Zalige Titus Brandsmaparochy is op 2 april. Dêrnei wurdt it gebou fan de tsjerke oerdroegen. De ferkeap fan de tsjerke en de pastorij binne ûnderdiel fan in yn 2015 fêststeld plan. Se wurde oernaam troch de Algemiene Tsjerke. De gemeente yn de Heilige Martinustsjerke siket noch in nij ûnderkommen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)