KNMI jout koade giel fanwege tichte mist

24 jan 2017 - 18:33
Mist (argyffoto) - Foto: Anton Kappers

Autobestjoerders moatte tiisdeitejûn rekken hâlde mei tichte mist. It KNMI hat dêrom koade giel ôfjûn. Weibrûkers wurde warskôge foar nuodlike omstannichheden troch it minne sicht. It KNMI jout dêrom it advys om de snelheid oan te passen en foldwaande ôfstân te hâlden. De warskôging duorret yn Fryslân oant tiisdeitejûn 20.00 oere.

De provinsje struit tiisdeitejûn de provinsjale diken yn ferbân mei de opfriezing fan wiete parten fan de dyk.

Trefwurden: 
tichte mist koade giel KNMI
(Advertinsje)
(Advertinsje)