FIDEO: Sanearring Ald Dwinger úteinset

24 jan 2017 - 18:28

De Ald Dwinger by Warten sjocht derút as in prachtich natuergebiet, mar ûnder dy laach begroeiïng sit in grutte bulte ôffal ferskûle. En dêr moat gau wat mei gebeure om mear fersmoarging tsjin te gean. Dizze wike is dêrom úteinset mei de sanearring fan it âlde stoart yn it Nasjonaal Park De Alde Feanen. Der is begûn mei it pleatsen fan in damwand om foar te kommen dat de fersmoarge grûn yn it wetter telâne komt.

It stoart is tusken 1921 en 1962 brûkt troch de stêd Ljouwert. Al it smoargens gie nei de Ald Dwinger. De ôfrûne desennia koe de natuer syn gong gean en dat is ek de bestimming fan it gebiet wurden. Letter dit jier sil der as ûnderdiel fan de operaasje ek noch in fleantúch út de Twadde Wrâldoarloch burgen wurde.

It folsleine projekt nimt goed in jier yn beslach en yn dat jier folgje wy in Fryslân Hjoed hoe't it komt mei it gebiet en wat der allegearre bart.

Trefwurden: 
Ald Dwinger stoart sanearring
(Advertinsje)
(Advertinsje)