Dit jier wat minder besikers by Caravana: 47.000 minsken

24 jan 2017 - 17:32

De Caravana fan dit jier hat sa'n tûzen besikers minder lutsen as de edysje fan 2016. Yn totaal kamen der de ôfrûne seis dagen goed 47.000 minsken nei it WTC Expo yn Ljouwert. As wichtichste oarsaak foar it wat legere besikersoantal wiist de organisaasje op it moaie winterwaar, dat in soad minsken it iis op lokke. Lûkers op de beurs wienen foaral de nije foukaravan, de campers en it lúkse kampearjen: it saneamde glamping.

Nettsjinsteande it legere besikersoantal is de organisaasje tefreden oer it ferrin fan de beurs en de kwaliteit fan de besikers.

Trefwurden: 
Caravana WTC Expo Ljouwert
(Advertinsje)
(Advertinsje)