Provinsje jout subsydzje oan seis kulturele ynstellingen

24 jan 2017 - 17:15
Generale repetysje fan Macbeth fan Opera Spangea - Foto: Omrop Fryslân

Seis kulturele ynstellingen krije de kommende fjouwer jier subsydzje fan de provinsje. It giet om de stichtingen Opera Spangea, museum Belvédère yn Oranjewâld, Fotografie Noorderlicht, Jeugd Dans Opleiding Fryslân, Noord Nederlands Orkest en Pier 21.

Mei dit ekstra jild wol de provinsje bysûndere projekten stimulearje dy't belangryk binne foar it kulturele libben yn Fryslân.

Fotografie Noorderlicht ûntfangt jierliks 90.000 euro, Museum Belvédère 50.000 euro, de Jeugd Dans Opleiding Fryslân krijt 41.000 euro, Opera Spangea 40.000 euro, Stichting Pier21 ûntfangt 30.000 euro en it Noord Nederlands Orkest 30.000 euro wêrfan 10.000 euro bestimd is foar de Pieter Roelf Jeugdkonserten.

(Advertinsje)
(Advertinsje)