Tûzenen jonge minsken besjogge jongereinwebside GGD

© JOUWGGD.nl
Hast 16.000 Fryske jongeren hawwe ferline jier de spesjale jongereinwebside fan de GGD besjoen. Se wienen foaral út op ynformaasje oer seksualiteit, sûnens, drugs en smoke. Fia de side is it ek mooglik te chatten mei dokters en ferpleechkundigen fan de GGD. Dat waard in soad dien.
In groep jongeren tusken de 14 en de 19 advisearret de GGD by de fierdere ûntwikkeling fan de webside.