Ljouwerter F-16's oefenje yn Amearika

24 jan 2017 - 15:35

F-16's fan de fleanbases Ljouwert en Volkel dogge fan woansdei ôf mei oan twa ynternasjonale oefeningen yn Amearika. It is hast fjouwer jier lyn dat de loftmacht meidie oan sokke oefeningen. De ôfrûne jierren koe it net omdat Nederlân hast kontinu meidie oan missys yn it bûtenlân.

De oefengebieten yn Amearika biede mooglikheden dy't hjir yn Nederlân net foar hannen binne. Boppedat dogge der ek oare lannen mei oan de oefening en dat is belangryk, omdat Nederlân mei bûtenlânske missys altiten gearwurket mei oare lannen. 

De oefening duorret goed twa wiken.

(advertinsje)
(advertinsje)