Cambuur tsjin FC Utrecht: "Alles te winnen"

24 jan 2017 - 14:10

"Wy hawwe net neat te ferliezen, mar alles te winnen." Dat seit Cambuur trainer Sipke Hulshoff foar de bekerwedstriid fan syn ploech tsjin FC Utrecht. De wedstriid wurdt woansdeitejûn om 18.30 oere spile yn Utrecht. Cambuur spilet foar de tredde kear yn de histoarje de kwartfinale fan it bekertoernoai. Fierder kamen de Ljouwerters noait.

"Wy kinne skiednis skriuwe", sa seit Hulshoff, dy't noch gjin folsleine opstelling priis jaan woe. Leonard Nienhuis stiet yn de goal woansdei. Sander van de Streek is noch blessearre.

Hy foel yn de wedstriid tsjin Jong PSV út mei in hamstringblessuere. Tarik Tissoudali is syn ferfanger. Djavan Anderson is noch in twifelgefal. As hy net spylje kin dan komt Jordy van Deelen yn de basis. Stefano Lilipaly, ôfkomstich fan Telstar, is krekt by de klup, mar hy sit wol by de wedstriidseleksje.

Trefwurden: 
SC Cambuur fuotbal
(Advertinsje)
(Advertinsje)