Provinsje beleannet BAUCK mei subsydzje

24 jan 2017 - 13:55

Teäterprojekt BAUCK hat in subsydzje fan 8000 euro krigen fan de provinsje. It teäterprojekt fan de stichting Grut Hermana giet oer de earste Fryske frijheidsstriidster Bauck fan Hemmema, op Skylge berne as Bauck fan Popma en de âldmuoike fan Grutte Pier. De stichting is bliid mei de tawizing fan de subsydzje, dy't nedich is om it megaspektakel mooglik te meitsjen. De premjêre is op 30 juny yn it Hemmemapark yn Berltsum. Dat wie ek it plak dêr't Bauck trije kear it Hemmemakastiel mei faasje ferdigene hat.

It stik wurdt dêrnei spile op meardere dagen yn july.

(Advertinsje)
(Advertinsje)