Flechtlingefamylje krijt kaai fan har hûs yn Harns

24 jan 2017 - 13:43

De famylje Haj Ali kin har fan tiisdei ôf in Harnzer famylje neame. De Syryske minsken kamen oardel jier lyn yn de krisisopfang fan Harns. Dêrnei swalken se fan Kollum, Ljouwert, Oranje en Ter Apel troch it noarden fan ús lân. Omrop Fryslân folget de famylje al fan it momint ôf dat se yn de krisisopfang fan Harns kamen. De famylje woe graach werom nei Harns, en dat is slagge. Tiisdeitemoarn krigen se de kaai fan har hûs. Se binne der gelokkich mei en sjogge it as in echte nije start.

Taakstelling

Foar in soad gemeenten is it in hiele put om oan de taakstelling te foldwaan en alle statushâlders in hûs oan te bieden. Dat hat benammen te krijen mei fraach en oanbod. Der binne in hiel soad allinnichsteande flechtlingen, mar gemeenten hawwe benammen huzen foar famyljes. Ek Harns wraksele dêrmei.

Dochs hawwe se alle flechtlingen yn 2016 in plak jûn, 41 yn totaal. Foar 2017 is de taakstelling troch de helte dien. Dan wurde der minder problemen ferwachte.

Trefwurden: 
Haj Ali Harns flechtlingen
(Advertinsje)
(Advertinsje)