Huzen Eastermar en Sumar wurde opknapt

24 jan 2017 - 12:55

Wenningkorporaasje WoonFriesland sil begjin dit jier tsientallen hierwenningen yn Eastermar en Sumar oanpakke. De huzen wurde rûnom skildere, krije nij sanitêr en wurde enerzjysuniger makke. Yn totaal giet it om 71 wenningen. WoonFriesland sil nei alle gedachten oant july mei de wurksumheden dwaande wêze.

De ferbetteringen oan de hierwenten binne ûnderdiel fan in mearjierrich ynvestearringsplan foar de gemeente Tytsjerksteradiel.

(advertinsje)
(advertinsje)