Stefano Lilipaly komt fuortendaliks oer nei Cambuur

24 jan 2017 - 11:53

De nijste oanwinst fan SC Cambuur, de middenfjilder Stefano Lilipaly, stiet tiisdei al op it trainingsfjild mei syn nije klup. Ferline wike tekene Lilipaly in twajierrich kontrakt by de Ljouwerters. De middenfjilder komt no fuortendaliks oer fan Telstar. De 27-jierrige Lilipaly spile ûnder oaren foar FC Utrecht, Almere City en in Japanske klup. Ek spilet er foar de Yndonezyske nasjonale fuotbalploech.

Ninos Gouriye ferlit Cambuur. Hy giet nei Denemarken, nei Vendsyssel FF foar de kommende oardel jier.

(Advertinsje)
(Advertinsje)