Fries Museum ekstra iepen om tentoanstelling Alma-Tadema

De minsken stean yn de rige foar de kassa's foar Alma-Tadema © Omrop Fryslân, Remco de Vries
It Fries Museum yn Ljouwert is moandei 30 jannewaris en moandei 6 febrewaris ekstra iepen. De tentoanstelling oer Alma-Tadema is hast ôfrûn en neffens it museum wolle in soad minsken de eksposysje noch sjen. ''Alma-Tadema, de klassieke verleiding'' is oant en mei 7 febrewaris te sjen en giet dêrnei nei Wenen en Londen. Fanwegen de ferwachte drokte riedt it museum besikers oan om harren goed ta te rieden.
Sûnt 1 oktober hawwe 125.000 minsken de tentoanstelling sjoen. Dy jouwe de eksposysje gemiddeld in 8.6, de heechste skoare foar it museum oant no ta. Sa'n 80 prosint fan de besikers komt fan bûten Fryslân.