Cambuursupporter wol oare rjochter fanwege Hearrenfeanbannen

23 jan 2017 - 21:44
Justysje - Foto: Omrop Fryslân

In Cambuursupporter hat ferline jier by in rjochtsaak oer syn útkearing easke dat de rjochter ferfongen wurde soe. De reden wie dat dy neffens him bannen hie mei SC Hearrenfean. Boppedat fûn de Ljouwerter dat de rjochter gjin ynfielend fermogen hie, omdat er by in eardere ferwegeringssaak (wraking) fan de man belutsen wie.

De rjochtbank spruts ferline wike út dat de miening fan de Cambuurman net liede koe ta ferfanging fan de rjochter, omdat dy gjin bannen hat mei sportklup Hearrenfean. It fersyk is ôfwiisd.

Takomstige fersiken foar ferwegering (wraking) yn dizze saak sille ek ôfwiisd wurde.

(Advertinsje)
(Advertinsje)