"Hoogend net it goede plak foar nije fontein Snits"

23 jan 2017 - 20:51

It plak fan de nije fontein dy't yn Snits komme moat, is ferkeard keazen. Dat fine in tal Snitsers ûnder oanfiering fan Henk van der Veer en Harm Rozenburg. Ofrûne freed makke de gemeente bekend dat de fontein yn it wetter fan it Hoogend komt te stean, rjocht foar de Wetterpoarte oer.

Neffens Van der Veer en Rozenburg bedjert de fontein it sicht op de Wetterpoarte. Boppedat is de fontein bedoeld om toeristen nei de stêd te lokjen. Mar krekt op dat plak komme al in soad toeristen. De ried nimt tongersdei in beslút oer it plak.

It ûntwerp fan de fontein is makke troch de bekende Dútske keunstner Stephan Barkenhol. It bestiet út in man dy't op in bol stiet mei de hoarn fan de oerfloed op it skouder.

11Fountains

De fontein yn Snits is ûnderdiel fan it projekt 11Fountains. Alle alve stêden yn Fryslân krije in fontein kado yn it ramt fan Kulturele Haadstêd 2018.

(advertinsje)
(advertinsje)