Aksje sjauffeurs AB Transport tsjin wurkwike fan 4 dagen

24 jan 2017 - 06:00

Sjauffeurs fan AB Transport Group op It Hearrenfean begjinne tiisdei mei aksjes. Se wolle dat it bedriuw de ferplichte wurkwike fan fjouwer dagen weromdraait. De aksjes hâlde yn dat de sjauffeurs alve oeren rêst nimme tusken twa tsjinsten en net mear as acht oeren deis wurkje. Dat betsjut foar it bedriuw dat guon opdrachten net útfierd wurde kinne.

De wurkwike fan fjouwer dagen is op 1 jannewaris ynfierd mei as gefolch dat de 62 sjauffeurs folle minder oeren meitsje en dus minder fertsjinje.

Boppedat moatte se ek faker op sneon wurkje, en dat is yn striid mei de CAO. Neffens de fakbûnen hawwe de sjauffeurs no faker ûnderbrutsen tsjinsten en moatte se op eigen kosten fan hûs nei it stânplak ride.

De ûndernimmingsried is ek tsjin de ferplichte fjouwerdaachske wurkwike en spande in koart pleit oan tsjin de AB Transport Groep. De rjochter docht woansdei útspraak yn dy saak.

By AB Transport Group BV wurkje mei-inoar likernôch achthûndert minsken. It bedriuw ferfiert feefoer, moal, kuolle iten en floeibere suvel, en rydt foar grutte klanten lykas ForFarmers, ien fan de grutste feefoerfabrikanten fan Nederlân.

(Advertinsje)
(Advertinsje)