Sweed Ivan Rako nij by SC Hearrenfean

23 jan 2017 - 19:32
Ivan Rako - Foto: Motala AIF FK

De Sweed Ivan Rako hat moandei in kontrakt foar oardel jier tekene by SC Hearrenfean. De middenfjilder komt oer fan Motala AIF FK út Sweden en slút earst oan by it belofteteam fan Johnny Jansen. Dêr krijt er de kâns om him te bewizen en troch te groeien.

Technysk manager Gerry Hamstra is bliid mei syn komst. It is neffens him in komplimint foar de scouts dy't Rako in skoft folge hawwe. Der wie mear belangstelling foar de spiler, mar Rako hat úteinlik foar SC Hearrenfean keazen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)