Drachtsters bliid mei nijbou flat Nachtegaalstrjitte

Omwenners fan de Nachtegaalstrjitte yn Drachten bin bliid mei de nijbou fan in appartemintegebou yn dy strjitte. In swiere eksploazje feroarsake op 27 desimber 2015 gigantyske skea yn it wenkompleks dat dêr doe stie. Tolve fan de 38 apparteminten stoarten yn en nochris seis waarden ûnbewenber.
Werbou fan it ynstoarte part wie net mooglik, sa die bliken. Wenningkorporaasje Accolade hat doe besletten it restant te slopen en te kiezen foar folsleine nijbou. Dat plan waard moandei presintearre en koe op ynstimming rekkenje fan de omwenners.
Neffens Dienke Slatman fan Accolade giet it om in duorsume nijbou dy't yn syn foarm in soad lykje sil op wat der stie. Ek no giet it wer om 38 apparteminten mei elk ien sliepkeamer. Om't it gebou neffens de nije noarmen boud wurdt, sil it wol in meter heger wurde, sadat in wiziging fan it bestimmingsplan nedich is. As alles neffens plan ferrint, kin de earste bewenners yn de simmer fan 2018 yn de nije apparteminten telâne.