EHBO-kursus omgean mei minsken mei psychyske problemen

Wat dogge jo as ien foar jo stiet mei in psygoaze? En wat sizze jo tsjin immen dy't slim depressyf is? Om op dy fragen in antwurd te jaan komt de GGZ Fryslân mei in kursus 'Earste help by psychyske problemen'. De training is ûntwikkele yn Australië. Dielnimmers witte nei de training wat se dwaan moatte as se immen tsjinkomme yn akute psychyske need. De kursus duorret fjouwer deidielen en begjint op 14 maart.
Yn de Trouw fan tongersdei 19 jannewaris waard ek omtinken jûn oan dizze training.