Sjauffeurs Dokterswacht krije fêst kontrakt by it Wite Krús

In auto fan de Dokterswacht Fryslân © Omrop Fryslân, Aise van Beets
De sjauffeurs fan de Dokterswacht krije in fêst kontrakt by de nije wurkjouwer it Wite Krús. De sjauffeurs wurde oernommen fan Kijlstra en wiene net tefreden oer de arbeidsbetingsten. Oerlis hat opsmiten dat se no allegearre in kontrakt foar ûnbepaalde tiid krije.
De sjauffeurs wiene ek bang dat se by it Wite Krús gjin oare wurksumheden mear dwaan mochten, mar ek dat is foar de nije wurkjouwer gjin probleem.
De sjauffeurs gean per 1 maart oer fan Kijlstra nei it Wite Krús.