Wurk oan feardaam It Amelân begjin nije wike

23 jan 2017 - 16:38

De werynrjochting fan de feardaam by Nes op It Amelân begjint takom wike. Der komme busperrons en in taksystânplak. Fierders wurdt de dyk dêrhinne asfaltearre, it parkearterrein wurdt opnij ynrjochte en der komt in fyts- en kuierpaad.

It wurk oan de feardaam jout oerlêst foar alle ferkear, omdat de rûte nei it havenkantoar feroaret. Minsken dy't nei de boat wolle, binne langer ûnderweis. Wannear't it wurk krekt is en wannear't it klear is hinget fan it waar ôf, seit de gemeente. Dy kin sadwaande net in krekt tiidspaad jaan.

Trefwurden: 
It Amelân feardaam
(advertinsje)
(advertinsje)