Knegt krekt net op poadium

24 okt 2011 - 10:16
Foto: Omrop Fryslân

Shorttracker Sjinkie Knegt hat op de earste wrâldbekerwedstriid fan it seizoen in fjirde plak helle op de 1500 meter en in sechsde op de 1000 meter. Yn Salt Lake City ried de 22-jierrige Bantegeaster yn de finale fan de 1500 meter hiel maklik. Dochs siet der net mear yn as in fjirde plak omdat Knegt opsletten siet achter twa Súd-Koreanen en in Amerikaan.

"Ik koe gjin aksje meitsje al wie de snelheid der wol", sei er nei ôfrin. De Koreaan Jinkyu Noh waard winner.

(Advertinsje)
(Advertinsje)