Jesper Hospes wint earste koartebaanwedstriid yn Bantegea

23 jan 2017 - 13:06

Jesper Hospes fan It Hearrenfean hat moandeitemoarn yn Bantegea de earste koartebaanwedstriid fan dizze winter wûn. Op de baan fan iisklup De Polder Der diene mar tsien dielnimmers mei oan de wedstriid, wêrfan't Hospes de favoryt wie. 

Rob van Grinsven waard twadde. Rolf Haaze waard tredde.

Fanwegen it teiwaar wie de organisaasje bliid mei it beheinde tal dielnimmers, sadat de wedstriid yn koarte tiid ferriden wurde koe.

(advertinsje)
(advertinsje)