Untwerp foar fontein Warkum wurdt sneon presintearre

23 jan 2017 - 12:57
De Britske keunstner Cornelia Parker ûntwerpt de fontein yn Warkum

It ûntwerp foar de fontein foar Warkum yn it ramt fan it projekt 11Fountains is klear. De skets wurdt kommende sneon oan de ynwenners fan de stêd presintearre yn De Klameare. Nei ôfrin fan de presintaasje krije de ynwenners fan de stêd de mooglikheid om mei de ûntwerper fan de fontein yn petear te gean, de Britske keunstner Cornelia Parker. Ek de fonteinkommisje, fertsjintwurdigers fan de gemeente en it team fan 11Fountains sille oanwêzich wêze by de presintaasje fan it ûntwerp.

Mei 11Fountains krije alle Fryske alve stêden in fontein, ûntwurpen troch alve ynternasjonale keunstners út alve ferskillende lannen. De fonteinen bliuwe nei 2018 stean en moatte dan nij kultureel erfguod wurde.

(advertinsje)
(advertinsje)