Basisskoalle De Opdracht yn Oerterp is 'eksellinte skoalle'

23 jan 2017 - 12:00

Kristlike basisskoalle De Opdracht yn Oerterp krijt it predikaat 'eksellint'. De ûnderwiisynspeksje fan it ministearje fan ûnderwiis, kultuer en wittenskip hat dit moandei bekend makke. In skoalle kin dit predikaat fertsjinje troch boppe de middenmoat út te stekken, bygelyks troch in fernijende oanpak fan ûnderdielen as technyk en boargerskip. De ynspeksje basearret him op ynformaasje dy't it troch it jier hinne sels sammelet en advys dat it fan in spesjale sjuery krijt.

De St. Michaëlskoalle fan Harns en De Mienskip fan Bûtenpost hiene it predikaat 'eksellinte skoalle' al en hâlde dat dit jier ek.

(Advertinsje)
(Advertinsje)