Opskuor oer fernield monumintsje fan ferkearsslachtoffer

23 jan 2017 - 11:35

Unbekenden hawwe in monumintsje lâns de Bij de Leijwei yn Hoarnstersweach fernield. It monumintsje wie dêr delset nei't yn maaie 2015 in 49-jierrige man út it Grinzer Winsum deariden wie troch in 20-jierrige automobilist út Akkrum. Syn 44-jierrige frou rekke by it ûngelok slim ferwûne. Ien of mear fandalen hawwe in buordsje en in bear fan it monumintsje it iis opskopt. De aksje wurdt op Facebook bot feroardield.

(Advertinsje)
(Advertinsje)