Ljouwerter winkeldief dielt kopstjit út

23 jan 2017 - 11:18
Oanhâlding - Foto: ANP

In 60-jierrige winkeldief út Ljouwert is ôfrûne wykein oanhâlden. De man hie foar 33 euro oan fleis stellen út in winkel oan de Tynjedyk. Meiwurkers fan de winkel en tsjûgen hâlden de man oan en bellen de plysje. Ien fan de tsjûgen krige dêrby in kopstjit fan de winkeldief.

Doe't de plysje kaam, die de man krekt as waard er net goed. Nei't meiwurkers fan de ambulânse befêstigen dat de man neat mankearre, is hy meinaam nei it plysjeburo.

Om't hy faker guod stellen hat, bliuwt de man earst fêstsitten.

Trefwurden: 
winkeldief Ljouwert
(Advertinsje)
(Advertinsje)