Harnzer haven docht goede saken yn de oerslach

De Harnzer haven hat in goed jier efter de rêch. De oerslach fan fracht mei see- en binnenfeartskippen gie ôfrûne jier mei 12 prosint omheech, fan 3,3 miljoen ton nei 3,7 miljoen ton. It oandiel fan de seefeartskippen yn de oerslach wie 48 prosint. De oerslach fan seeskippen gie mei 16 prosint omheech, benammen troch de oerslach fan grint en sâlt. By de binnenfeart gie de oerslach mei omheech troch it wurk oan de seediken op It Amelân.
De oerslach fan fisk út Noardseekotters gie mei 16 prosint omheech, de oerslach fan Waadseekotters mei 1 prosint. It oantal riviercruiseskippen dat yn Harns oanlei naam ôf fan 55 yn 2015 nei 40 yn 2016. Dat komt neffens de gemeente troch de opkearing fan de slûzen by Koarnwertersân, dy't 7 wiken ticht wiene fanwegen ûnderhâldswurk.