Streekbus ramt lantearnepeallen yn Marsum

23 jan 2017 - 09:52

In streekbus fan Arriva hat moandeitemoarn oan de Ljouwerterdyk yn Marsum foar flinke skea soarge. De plysje krige de melding dat de bus tsjin in ferkearsboerd riden wie en dêrby ek twa lantearnepeallen út 'e grûn riden hie. It is net bekend hoefolle minsken der yn de bus sieten. Wol soe neffens de sjauffeur ien persoan ferwûne rekke wêze. De plysje kin dat noch net befêstigje, mar meldt wol dat yn it meldingssysteem stiet dat in persoan, dy't wol oansprekber wie, nei it sikehûs brocht wêze soe. It is noch ûndúdlik hoe't it ûngemak bard is.

Trefwurden: 
streekbus Arriva Marsum
(Advertinsje)
(Advertinsje)