Spuiende drankrider oppakt yn Ljouwert

© ANP
De plysje yn Ljouwert hat sneintenacht twa drankriders oanhâlden. Ien fan harren, in 41-jierrige Ljouwerter, foel op om't de man op de Canadezenleane spuide en dêrnei wer fierder ried. Tsjûgen folgen de man en bellen de plysje. Dy sette de begjinnende bestjoerder op de Tolhúswei oan de kant. De bestjoerder siet mei in flesse wyn yn de hannen achter it stjoer. Hy moast syn rydbewiis ynleverje en him ynkoarten melde by de plysjerjochter.
In 38-jierrige drankrider út Ljouwert waard op de Tesselschadestrjitte oan de kant set.
De man moat in kursus oer it brûken fan alkohol yn it ferkear folgje.