Undersyk nei Noardseesykte kin no al begjinne

Luna Wassenaar mei har âlden © Omrop Fryslân, Gerrit de Boer
It is stichting Noordzeeziekte yn in pear wike tiid slagge om 50.000 euro op te heljen foar ûndersyk nei de seldsume sykte. Ein desimber 2016 setten de âlden fan it seisjierrige famke Luna Wassenaar út Ljouwert de stichting op, mei it doel jild te garjen foar ûndersyk. Yn de hiele wrâld hawwe mar 25 minsken dizze sykte, dy't sa hjit om't de oandwaaning Fryske woartels hat. Yn sikehûs UMCG yn Grins wurde op dit stuit tsien fan harren behannele. No't it startbedrach by inoar sammele is, kin it UMCG it ûndersyk opsette.
Fakatuere
Bernearts en ûndersiker Tom de Koning is ferrast, sa falt te lêzen op de Facebookside fan stichting Noordzeeziekte. “We hebben nog nooit eerder meegemaakt dat een dergelijk startbedrag zo snel bij elkaar was.” It UMCG set no de sollistaasjeproseduere foar in ûndersiker yn gong en ferwachtet dat dy gau úteinsette kin.