Sven Kramer net nei wrâldbekerwedstriden Berlyn

23 jan 2017 - 06:39
Foto: ANP

Sven Kramer ferskynt nije wike net op it iis by de wrâldbekerwedstriden yn Berlyn. De rider fan team LottoNL-Jumbo sit net by de ploech dy't de seleksjekommisje fan de KNSB sneintejûn bekend makke.

Kramer sloech earder dit seizoen ek al de wrâldbekerwedstriden yn Astana en It Hearrenfean oer. Op it NK allround op it Hearrenfean wie er ek net oanwêzich. De 30-jierrige Kramer rjochtet him folslein op de WK ôfstannen yn febrewaris op de olympyske baan yn it Súd-Koreaanske Gangneung en it WK allround yn maart yn it Noarske Hamar.

(Advertinsje)
(Advertinsje)