Warskôging foar tichte mist en glêde diken

Mist (argyffoto) © Anton Kappers
Ferkear yn Fryslân, Grinslân en Drinte moat sneintejûn en -nacht rekkening hâlde mei tichte mist, sa warskôget waarburo Weeronline. It sicht is minder as 100 meter, mar op guon plakken kin ik sels noch minder wêze. Neffens Weeronline kin de mist him de kommende nacht útwreidzje nei mear plakken.
Net inkeld mist, mar ek glêdens kin it ferkear yn it noarden en noardeasten parten spylje. De glêdens wurdt feroarsake troch opferzen wiete wegen.