Earste koartebaanwedstriid is moandei yn Bantegea

22 jan 2017 - 21:00
Reedriden - Foto: ANP

De earste koartebaanwedstriid fan dit winterseizoen is moandei yn Bantegea. Alteast, as it waar it talit. De wedstriid is allinnich foar manlju fan 16 en âlder.

De wedstriden binne moarns om 11 oere, omdat der middeis mooglik tefolle sinneskyn komt. Dat is min foar it iis op de baan. Manlju dy't harren opjaan wolle, kinne in mailtsje stjoere nei info@ijsclubdepolder.nl. Set de namme, bertedatum en telefoannûmer mobile telefoan yn it mailtsje.

(advertinsje)
(advertinsje)