Wer botsing op Almenumerwei yn Harns

De scooter hie grutte skea, bestjoerder is foar ûndersyk oerbrocht nei it sikehûs © Stefan Postema
Yn Harns is sneintemiddei tsjin seizen in scooter oanriden troch in auto. It ûngelok wie op de Almenumerwei. De scooterrider is foar ûndersyk mei de ambulânse nei it sikehûs brocht. Wat de oarsaak fan it ûngelok west hat, is noch net bekend. De wei hat koarte tiid ôfsletten west. It ferkear moast omride oer de N31. Nei ôfhanneling fan it ûngelok hat de plysje de wei wer frijjûn. De scooter hie grutte skea, de auto in dûk.
Op itselde plak botsten op 5 jannewaris twa auto's opinoar.