SC Hearrenfean ferliest yn thriller fan PSV

22 jan 2017 - 18:45

SC Hearrenfean hat it snein yn in tige spannende wedstriid net oprêde kinnen tsjin lânskampioen PSV. De Eindhovenaren wûnen mei 4-3.

Reza Ghoochannejhad makke trije doelpunten foar de Friezen. Hy iepene de skoare fiif minuten nei it begjin. PSV kaam dêrnei werom mei goals fan Pröpper en Pereiro.

Nei de rêst makke Ghoochannejhad noch twa goals. Mar PSV wie dochs de sterkere ploech. Troch goals fan Van Ginkel en Moreno kaam der in einstân fan 4-3 op it boerd te stean yn Eindhoven.

It wie in moaie wedstriid. Beide ploegen keazen foar de oanfal, Martin Ødegaard kaam der yn de 58e minút yn as ferfanger foar Pelle van Amersfoort

Reza Ghoochannejhad stiet troch de trije doelpunten fan hjoed dield boppe-oan yn it topskoarersklassemint, tegearre mei Nicolai Jörgensen fan Feyenoord.

Hearrenfean bliuwt op it fjirde plak stean yn it klassemint fan it earedifyzje. PSV stiet op it tredde plak. Hearrenfean hat acht punten minder.

Trefwurden: 
SC Hearrenfean fuotbal
(Advertinsje)
(Advertinsje)