Snits Wyt Swart spilet 2-2 tsjin Alverna út Wijchen

22 jan 2017 - 16:43
Logo VV Snits Wyt Swart - Foto: Omrop Fryslân

Snits Wyt Swart hat snein yn de haadklasse A mei 2-2 lykspile tsjin Alverna út Wijchen. Lange tiid waard der net skoard. De Snitsers kamen flak foar rêst op in 1-0-foarsprong troch in doelpunt fan Freerk de Jong.

Snits koe de foarsprong net fêsthâlde, want yn de twadde helte skoarde Lennart van de Peppel foar Alverna (1-1). Sân minuten foar de ein boude Alverna de foarsprong noch fierder út. Yannis Ngola koe de bal maklik yn it doel tikje (1-2). Mar Jakob Lubbers makke dochs noch de oanslutingstreffer foar de Snitsers (2-2).

De oare wedstriid yn de haadklasse A mei in Fryske ploech dêryn - Hearrrenfean tsjin SJC út Noardwyk - gie snein net troch.

Trefwurden: 
Snits Wyt Swart fuotbal
(Advertinsje)
(Advertinsje)