Yvonne Nauta krekt gjin kampioene fan Nederlân

Yvonne Nauta is der net yn slagge om foar de twadde kear kampioen fan Nederlân allround te wurden. De 25-jierrige Nauta, dit seizoen útkommend foar it gewest Fryslân, moast yn de lêste rit ôfrekkenje mei Marije Joling. Se moast 4.28 goedmeitsje en dat slagge net. Nauta ried 7.05.25, Joling 7.06.87. Carlijn Achtereekte wûn de langste ôfstân yn 7.00.78.
Marije Joling pakte har earste nasjonale titel, Nauta waard twadde en Achtereekte tredde.
Yvonne Nauta wûn op it NK allround de 1500 en 3000 meter.