Fûns hat soargen oer kolleksje Domela Nieuwenhuismuseum

22 jan 2017 - 14:31

By it Domela Nieuwenhuis Fonds fiele sy harren oerfallen troch it nijs dat Museum Heerenveen mooglik slute moat troch gemeentlike besunigings. It Domela Nieuwenhuismuseum fan it fûns sit yn Museum Heerenveen en is neffens skriuwer en bestjoerdslid Bert Altena fan lanlike betsjutting.

De kolleksje fan de garismatyske sosjalist is ea net foar neat fanút Amsterdam op It Hearrenfean bedarre; it distrikt Schoterland soarge derfoar dat Nieuwenhuis yn it parlemint kaam.

PvdA

Mei in budzjet fan 5.000 euro yn 't jier hat it fûns sels net in soad earmslach om wat te ûndernimmen. As it museum slút, moat der in oar plak socht wurde of wurdt alles opslein.

PvdA-fraksjefoarsitter Roelof Offringa erkent it belang fan de kolleksje mar fynt, mei boargemaster en wethâlders, dat der wol sjoen wurde moat nei oare wizen om de kultuerhistoarje fan It Hearrenfean by de ynwenners te krijen. Harren ynstek is wol dat de kolleksje behâlden bliuwe moat foar It Hearrenfean.

(Advertinsje)
(Advertinsje)