Jan Blokhuijsen opnij Nederlânsk kampioen

22 jan 2017 - 14:16

Jan Blokhuijsen is foar de twadde kear yn syn karriêre de allround kampioen reedriden fan Nederlân wurden. Nei de titel yn 2016 pakte hy no op de ôfslutende 10 kilometer opnij it goud yn it einklassemint. Blokhuijsen ried 13.12.77, goed foar it twadde plak op de langste ôfstân. Erik Jan Kooiman wûn de 10 km yn 13.07.06. Patrick Roest, de iennichste konkurrint fan Blokhuijsen, koe it lang net oprêde. Roest ried 13.27.60, de fiifde tiid, en waard twadde yn it einklassemint. Marcel Bosker pakte it lêste poadiumplak.

Trefwurden: 
reedriden NK Jan Blokhuijsen
(Advertinsje)
(Advertinsje)