GrienLinks wol flechtlingen út tintekampen hjirhinne helje

22 jan 2017 - 14:13

De GrienLinks steatefraksje tsjinnet woansdei in moasje yn oer de opfang fan flechtlingen dy't no yn tintekampen yn Grikelân en by Belgrado sitte. Dat sei fraksjefoarsitter Retze van der Honing snein yn it programma Buro de Vries fan Omrop Fryslân.

De fraksje ropt yn de moasje it regear en steatssiktaris Dijkhof op flechtlingen dy't dêr yn tige minne omstannichheden sitte op te fangen en de makke ôfspraken oer opfang nei te kommen. De moasje freget de Steaten dizze oprop mei te ûndertekenjen.

Woansdei sil bliken dwaan oft de moasje genôch stipe krijt fan oare partijen.

(advertinsje)