Ingelske fertochten It Hearrenfean bliuwe langer fêstsitten

22 jan 2017 - 12:35

De Ingelske man en frou, dy't yn de nacht fan freed op sneon nei in plysje-achterfolging op it Hearrenfean oanhâlden binne, sitte noch yn 'e sel. It duo wennet en wurket neffens de plysje yn Dútslân. Ut ferhoar is noch net rjocht dúdlik wurden wêrom't se op 'e flecht slein binne doe't de plysje se by Sint-Nyk kontrolearje woe.

De 26-jierrige bestjoerder hie wol dronken. By de achterfolging is troch de plysje sketten. De auto fan de Ingelsen koe úteinlik by de McDonalds ta stilstân brocht wurde. 

De twa stienen net op in opspoaringslist.

Plysjeman hast oanriden

Neidat it duo by Sint-Nyk útnaaide foar in plysjekontrôle, like it derop dat de twa yn it sintrum fan It Hearrenfean arrestearre wurde koenen. Mar doe't in plysjeman nei de auto fan de fertochten rûn, waard er hast oanriden troch it stel. 

Nei in twadde achterfolging, wêrby't op de K.R. Poststrijtte op de auto sketten is, koenen de fertochten - in 26-jierrige man en 20-jierrige frou - dochs oppakt wurde. Se wurde fertocht fan fan besykjen ta swiere mishanneling of besykjen ta moard/deaslach.

(advertinsje)
(advertinsje)