Ynbrekkers Ljouwert litte bút achter yn steech

22 jan 2017 - 11:44
Foto: Omrop Fryslân

Ynbrekkers hawwe sneontejûn en -nacht taslein op ferskate plakken yn Ljouwert. Sa brutsen dieven yn by in hûs oan de Jan Lievenstrjitte. Se kamen binnen troch in rút oan de achterkant fan de wenning te fernielen. Nei de ynbraak naaiden se út yn in Volkswagen Polo. It stellen guod fûn de plysje letter werom yn in steech.

Oan de Jongemastate besochten ynbrekkers ek binnen te kommen. Tsjûgen hearden glês brekken en bellen de plysje. Fuort nei de melding seagen de melders fjouwer minsken útnaaien.

De plysje sette in sykaksje op tou, mar de fertochten binne net mear fûn.

By in wenning oan de Jentsjemar slagge it dieven wol om binnen te kommen. Se namen ûnder oaren in kompjûter en sieraden mei.

Trefwurden: 
ynbraak Ljouwert
(Advertinsje)
(Advertinsje)